Ek yn Ljouwert ferkeard teld by ferkiezings Twadde Keamer

Stimme © ANP XTRA
Ek yn de gemeente Ljouwert binne flaters makke by it tellen fan stimmen foar de Twadde Keamerferkiezings. Earder waard al bekend dat yn Boxmeer in tal stimmen net meinaam is by de telling. Neffens de NOS hat Ljouwert in hiel oare flater makke, dêr is it listnûmer by de einútslach opteld. De partij mei nûmer ien krige der sa ien stim ekstra by, en bygelyks list 24 krige goed 24 stimmen ekstra.
Neffens de Politieke Academie, dy't de útslach kontrolearre hat, soe it herstellen fan de flaters gjin ynfloed ha op de útkomst fan de ferkiezings.