Marleen Jorritsma (15) sprekt wrâldlieders ta oer Waadsee

In taspraak yn New York oer de Waadsee is folge troch 50.000 minsken op de online-stream en hûndert yn de seal. Marleen Jorritsma (15) fan Skylge spruts dêr yn it ramt fan in kongres fan de Unesco. Oanlieding wie de 'wrâld-oseaan-dei' fan de Feriene Naasjes. Marleen spruts foar in publyk fan wrâldlieders en ferneamde akteurs. Se is op de foto kaam mei prins Albert fan Monaco en prinses Victoria fan Sweden. Snein is Marleen weromkaam út Amearika.
De learlinge fan RSG Simon Vestdijk yn Harns mocht nei it kongres, omdat se frege waard troch de Waadferiening. Earder waard Marleen twadde by in priisfraach om de Waadsee te ferbetterjen. Mei in klassegenoat betocht se it idee om bern yn te setten as gids by ekskursjes op It Waad.