Brêge by Nes soarget opnij foar fertraging fan fearboaten

De nije autobrêge op It Amelân © Omrop Fryslân
Der hawwe sneontemoarn yn Nes opnij problemen west mei de brêge fan de fearboat fan en nei It Amelân. Dy bleau wer hingjen, krekt as freed. Troch de problemen rûn de fearboat no wer fertraging op. In gefolch fan de fertraging wie dat de start fan de 25 kilometer-kuier fan it Rondje Ameland útsteld wurde moast. Guon dielnimmers wiene troch de problemen mei de fearboat te let.
Neffens Wagenborg-direkteur Ger van Langen is der neat ferfelenders as in ûnbetroubere feartsjinst. De ynstallaasje is ûnderdiel fan Rykswettersteat en sy binne dêrom ferantwurdlik foar de fertraging. It is net dúdlik wannear't de problemen oplost wêze sille.