Marthe spilet Tina yn de musical: "Ik hie it net ferwachte"

Se is hie bliid, de 13-jierrige Marthe Ledegang út Nij Beets. "Ik fiel my hiel fereard." Se hat gjin abonnemint op de Tina, mar hat it wol faak lêzen. "Ik lykje ek wol wat op Tina, se is hiel klunzig en dat bin ik eins ek wol."
Sy is út 4.000 famkes keazen om de haadrol te spyljen yn de musical Tina, dêr't it lanlike famkesblêd mei dy namme syn 50-jierrich bestean fiert. Seis famkes binne útkeazen foar de haadrol dy't se om bar spylje. Marthe sil Tina spylje yn de foarstellings yn Fryslân, Drinte en Grinslân. De earste repetysje is sneon al. De premjêre is op 26 oktober yn Grins.
Sjonge en dûnsje mei Marthe al lang graach dwaan. "Op myn sande en njoggende ha ik audysje dien by Kinderen voor Kinderen mar doe bin ik net útkeazen." Earder hat se al meidien oan de lokale útfiering fan de musical Annie yn De Lawei en se spilet op dit stuit yn it iepenloftspul fan Opsterlân, De Lytse Prins.
Har grutte foarbylden yn de musicalwrâld binne Chantal Janzen en Vajèn van den Bosch.