Stichting nimt eksploitaasje De Wier oer

MFC De Wier yn Oerterp
De eksploitaasje fan multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp giet oer nei in stichting. It behear lei tydlik by de gemeente Opsterlân, neidat de foarige eksploitant fallyt gien wie. Fanút it doarp is no in stichting oprjochte dy't it behear oernimme wol. De gemeente hat de plannen fan dy stichting besjoen en goedkard.
De stichting sil net sels de eksploitaasje dwaan, mar hiert dêr in bedriuw foar yn. De besteande ôfspraken mei hierders bliuwe yn elts gefal it kommend jier bestean.