Mear boatsjes nei de Turfrûte

© Omrop Fryslân
De Turfrûte moat mear boaten lûke. Yn 2020 moatte der 3400 boaten farre. Dat is it dûbele fan no. De bestegingen fan de minsken op dy boaten moatte ek omheech, fan fiif euroton nei ien miljoen yn 't jier. Dy ambysjes ha Opsterlân en Eaststellingwerf. De rûte moat dêrfoar yn syn gehiel in djipte fan 1.30 meter krije. Foaral de hierfloat moat wer oer it kanaal farre. Dêr sitte mear minsken op as de skippen dy't it kanaal no brûke.