Opnij sulver foar Moniek Klijnstra op NK skeelerjen

© Neeke Smit
Moniek Klijnstra hat sneontemiddei opnij sulver wûn by it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op It Hearrenfean. Op de 500 meter wie Bianca Roosenboom te sterk. It brûns wie foar Elsemieke van Maaren. Elma de Vries fan De Haule helle it poadium krekt net.
Freed waard Klijnstra ek al twadde op de 300 meter.
By de manlju wûn Ronald Mulder de 500 meter, foar Remon Kwant en Michel Mulder.