FIDEO: Sfearfol kearsljochtkonsert yn Oranjewâld
Besikers fan it kearsljochtkonsert op it Oranjewoud Festival kamen freedtejûn yn hegere sfearen. Omjûn troch in soad taskôgers en tsientallen kearskes ferlear de Italiaanske pianist Enrico Pace himsels yn in fertolking fan Franz Liszts Harmonies poétiques et réligieuses. Hy brocht syn nûmers foar Nynke Heeg, dy't tuskentroch ek gedichten foardroech.