"Aldste man fan Nederlân (106) wennet yn Dokkum"

Dokkum © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De 106-jierrige Eelke Bakker fan Dokkum is nei it ferstjerren fan Jan Willem van de Kamp út Oldebroek, no de âldste man fan Nederlân. Dan meldt de Nije Dokkumer Krante. Van de Kamp is 107 jier wurden.
Bakker groeide op yn Ballum op It Amelân, mar omdat dêr net folle wurk wie, ferhuze hy op syn 18e nei de fêste wâl. Hy kaam yn Eanjum by in boer oan it wurk.
Letter hat er jierrenlang by Rykswettersteat wurke. Syn frou is 10 jier lyn ferstoarn. Mei har krige hy fjouwer bern en dêr kamen letter in hiele rige pake-, oerpake en sels oer-oer-pakesizzers by.