FIDEO: "It buorkjen fan no is in ramp foar de ierde"

Sneon is yn Grou de premjêre fan it lokaasjeteäterstik 'Koning van het Grasland'. It stik giet oer in boeregesin dat it nedige meimakket. In slim ûngelok, de tongblier krisis. Produsint Pier 21 hopet mei it stik in maatskiplik debat op gong te bringen oer de takomst fan de lânbou yn Fryslân.
Omrop Fryslân leit fjouwer stellingen foar oan twa bestjoerders fan boerebelange-organisaasjes, dy't sels ek boer binne. Sieta van Keimpema, foarsitter fan de Dutch Dairymen Board, en Trienke Elshof, foarsitter fan LTO Noord.