Sjalet yn 'e brân yn Terherne
By camping Van der Meer oan de Jongebuorren yn Terherne is woansdeitejûn in sjalet yn 'e brân rekke. Om't de kâns bestie dat de flammen oerslaan soenen nei oare sjalets, skaalde de brânwacht op nei middelbrân. Dat barde eintsjebeslút net. De brânwacht hie de brân rillegau wer ûnder kontrôle.