Harm Zeinstra: "Gek dat tiid by Cambuur foarby is"

Harm Zeinstra fynt it gek dat syn karriêre by SC Cambuur definityf oan de ein is. De klup makke tiisdei bekend dat it kontrakt fan de keeper definityf net ferlinge wurdt. "It is in bytsje dûbel", sa seit Zeinstra. "Oan de iene kant sjochst it oankommen, mar oan de oare kant fielt it wol hiel gek."
Cambuur hie it kontrakt yn april al formeel opsein, neffens de regels. Fan dat stânpunt binne de Ljouwerters net weromkommen. "Dêrtroch spylje der no al wol wat dinkjes, mar ik ha noch nergens oan tafel sitten. Ik stean foar hiel folle dingen iepen, ek it bûtenlân."
Posityf
Fan 2013 ôf spile Zeinstra by Cambuur. De earste trije seizoenen as twadde keeper, dit jier waard hy de earste kar ûnder de latte. "Ik ha fjouwer hiele moaie jierren hân. Ik slút hiel posityf ôf, want ik ha dit seizoen in soad spile. Boppedat hawwe we dit seizoen de positiviteit werom krigen yn Ljouwert", fertelt Zeinstra.
Syn saakwaarnimmer sil de kommende wiken op syk nei in nije klup. Foar Zeinstra stiet in fakânsje nei Kosta Rika op it programma. "Mar, de tillefoan giet wol mei", beslút de Fries.