Seis hurdriders op de Wâldwei
De plysje hat woansdeitemoarn op de Wâldwei seis bestjoerders oan de kant set om't se te hurd rieden. De measte bestjoerders krigen in proses-ferbaal fanwege de hege snelheid. Ien automobilist moast syn rydbewiis ynleverje om't hy 55 kilometer te hurd ried.