FIDEO: "PvdA moat net meidwaan oan nij kabinet"
De PvdA moat yn prinsipe net meidwaan oan in nij kabinet mei VVD, CDA en D66. Dat sei it Fryske PvdA-steatelid Hetty Janssen yn It Polytburo. Allinnich as har partij foldwaande sichtber is yn in nije regearing soenen se meiprate wolle en dy kâns is mei it beëage "motorblok" net echt reëel.
De kiezer hat har partij ôfstraft foar dielname oan it kabinet mei de VVD en dy flater moat net wer makke wurde, fynt Janssen. It leafste sjocht se in gearwurking mei GroenLinks en de SP, al jout se wol ta dat dat gjin mearderheid yn de Twadde Keamer opleverje sil. As alles mislearret, soe der neffens de PvdA'er in minderheidskabinet komme moatte, fan VVD, CDA en D66.