Rydstrook Ofslútdyk ticht fanwege wurk oan Stevinslûzen

De Stevinslûzen © ANP
Ferkear op de Ofslútdyk kin mei yngong fan dizze tiisdei op 'e hichte fan de Stevinslûzen by Den Oever mar ien fan de beide rydstroken brûke. Fanwege wurksumheden oan de heftuorren fan de slûs moatte der stegers boud wurde. Foar de feilichheid fan de bouwers wurdt der ien rydbaan ôfsletten. Dat kin oant en mei moandei duorje, en benammen yn in drok pinksterwykein kin it ferkear der wol lêst fan ha.
As de stegers der ien kear stean, binne alle rydstroken wer beskikber, mar by de wurksumheden is wol in weifersmelling. Ek moat it ferkear dêr oant en mei septimber stadiger ride.
Skansearre
It beton fan de monumintale heftuorren is yn de rin fan de jierren skansearre rekke en se moatte opnij farve wurde. Earder dit jier binne by de tuorren fan de Lorentzslûzen by Koarnwertersân ek sokke wurksumheden úteinset. Dêr moat it ferkear ek stadiger ride. Dat wurk moat yn juny klear wêze.
Refleksje
Behalve de renovaasje wurdt der ek wurke oan it projekt Lichtpoort fan keunstner Daan Roosengaarde. Hy jout de opknapte tuorren in saneamde retro-reflektearjende laach, sadat de linen opljochtsje troch de koplampen fan auto's dy't foarby ride.