Reiny Bourgonje hie Humberto Tan foar de lins

Reiny Bourgonje fan It Hearrenfean hie Humberto Tan foar de lins yn de studio fan de Nederlânske topfotograaf William Rutten. "It wie in hiele leuke dei, ik seach der de hiele wike al tsjin oan, mar it wie echt leuk, mei in gesellige sfear. Myn man wie mei as assistint. It dringt eins no pas ta my troch hoe bysûnder it wie," fertelt Reiny Bourgonje.
Award
Se wurket altyd mei deiljocht, ek dizze kear. "It ljocht wie perfekt, yn in ljochtkoepel. De oaren brûkten wol studiolampen. Humberto sei nei ôfrin dat er ek benijd nei it resultaat wie, fanwege de achtergrûn dy't ik brûkte. Earst hie ik in swilkje mei dat ik altyd brûk, mar dat paste net by syn hûdskleur. Doe ha ik gebrûk makke fan de rustige muorre dy't der wie."
As se wint, krijt se in lunch mei William Rutten. "Dan mei ik allegear fragen stelle oer it wurk en de winner krijt ek in award." No al krijt se in soad reaksjes. "It is echt oerweldigjend, fantastysk."
Stimme
Reiny Bourgonje wie mei noch trije oaren keazen om in portretfoto fan Humberto te meitsjen. Publyk kin op Facebook kieze út fjouwer foto’s en stimme. En dat stimmen giet goed, want har portret leit al sa’n tûzen stimmen foar op de rest. "Ik doch der neat foar, ik ha it berjocht sels net iens dield. William hat sels al 45.000 folgers, dus it binne net inkeld myn freonen dy't de foto leuk fine." Se is hiel ferrast dat se foar op de rest leit. Oant kommende sneon 24.00 oere nachts kin stimd wurde.
Earder wûn se de haadpriis yn in grutte Europeeske fotowedstriid foar in foto fan har nichtsje Esther, dy't adoptearre is út Nigearia.