UPDATE: Hieltyd mear plakken sizze Avondvierdaagse ôf

De Avondvierdaagse yn Ljouwert giet moandeitejûn net troch. De organisaasje hat besletten de kuiertocht te skrassen fanwege de minne waarberjochten dy't foarsein wurde. It KNMI hat koade giel ôfjûn. Der wurdt foar it hiele lân tongerbuien, wynstjitten en hagel foarsein. Op basis hjirfan advisearret de Koninklijke Wandeldbond Nederland lokale ôfdielingen om de tocht net troch gean te litten. "Mei lytse bern kuierje yn in tongerbui, dat kinne je net meitsje", seit Janny Bourgonje fan de organisaasje. Der komt ek gjin reservejûn yn Ljouwert. De Avondvierdaagse wurdt ynkrompen ta in jûnstrijedaagse.

Yn Snits giet de Avondvierdaagse ek net troch. De organisaasje dêr gie der earst fan út dat Snits en omjouwing net al te folle lêst hawwe soenen fan it waar op de tiid dat der yn Snits kuiere wurde soe. Mar besleat letter om dochs net te rinnen. Ek yn Drachten, Frjentsjer, Boalsert en De Jouwer is besletten de kuiertocht ôf te sizzen.
Op de folgjende plakken yn Fryslân set moandeitejûn, sa as it no liket, de jierlikse Avondvierdaagse wol útein: De Westereen, Dokkum, Garyp, De Gordyk, Ald- en Nijhoarne, Aldemardum, Sint-Nyk en Flylân.