Benjamins wint solistekonkoers foar slachwurkers OMF

Boudewijn Benjamins fan Crescendo Drachten hat sneon it solistekonkoers foar slachwurkers wûn. Hy krige 95 punten foar it stik Dance of the Hippolollipops fan Earl Hatch en waard dêrmei winner yn de twadde difyzje en de algehiele deiwinner. De Slach fan Fryslân waard foar de twadde kear hâlden troch de Organisatie van Muziekverenigingen in Friesland. Der wiene 21 dielnimmers.

Dejinge mei mear as 85 punten mei dielnimme oan it Nederlânsk kampioenskip dat op 17 juny yn it Limboarchske Heel hâlden wurdt. De folgjende edysje fan de Slach fan Fryslân is op sneon 26 maaie 2018.