Skylgers prate oer Dellewal-terrein

Skylge © Omrop Fryslân, Alle Faber
De gemeente Skylge hâldt kommende woansdei yn Midslân in ynformaasjegearkomste oer de mooglike ynfolling fan it Dellewal-terrein op it eilân. Der binne trije opsjes. Advysburo BügelHajema presintearret opsjes foar wenningbou, dy't fariearje fan frijsteande wenningen oant apparteminten. De Stichting Dellewal komt mei in plan foar natuerherstel en hotel Schylge toant in plan foar útwreiding fan it hotel.
It kolleezje krige al yn 2013 opdracht fan de gemeenteried om wat mei de lokaasje te dwaan.