Partoer Ilse Tuinenga wint keatsen yn Doanjum

(fotofoarbyld) © ANP
It partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra wûn sneon mei 5-4 en 6-0 it frije formaasje keatsen yn Doanjum. Se moasten it yn de finale opnimme tsjin Elly Hofman, Marte Altenburg en Louise Krol. De lytse preemje wie foar it partoer fan Harmke Siegersma, Maaike Osinga en Iris van der Veen dat te sterk wie foar it partoer fan Nelie Steenstra.