Bestelbuske botst mei fytser op bedriuweterrein De Hemrik

By it ûngelok rekke in fytser ferwûne © Omrop Fryslân, Feike Wouda
In fytser is freedtemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Ljouwert. De man waard op de krusing fan de Poalstjerwei en de Planeteleane op bedriuweterrein De Hemrik skept troch in bestelbus. De man waard oanslutend fersoarge troch meiwurkers fan de ambulânse en nei it sikehûs brocht.

Der is in traumahelikopter oproppen en plysjes hawwe de dyk ôfsletten foar ferkear. It is noch ûndúdlik hoe't it ûngelok barre koe.