Bliidskip oer hoantsenêst yn de Greidhoeke

By Natuurmonumenten yn de Greidhoeke binne sy tige wiis mei in briedgefal fan de hoants. Dizze soarte wie ea algemien as briedfûgel yn Fryslân, mar is no hast allinnich noch mar te sjen as de fûgels op reis gean nei it noarden. Omdat de hoants (kemphaan yn it HollIânsk) let briedt en in soad tiid nedich hat om de jongen grut te krijen, hat de soarte it dreech.

It tiidskema fan de hoants akkoardearret faak mar min mei de tiid wêrop de boeren begjinne te meanen. Wêr't it nêst krekt te finen is, wol Natuurmonumenten net sizze om foar te kommen dat der ferkearde dingen barre. It giet nei alle gedachten om in spantsje dat earder op itselde plak in nêst hie.