Stappers hâlde wapene man tsjin yn Snits

© Omrop Fryslân
Stappers yn Snits hawwe tongersdeitejûn in man tsjinhâlden, dy't mei in grut mes drige. De 35-jierrige fertochte wie in kroech oan de Singel útset omdat er him dêr ferfelend gedroech. Dêrop helle de man in grut mes mei in lemmet fan sa'n tritich sentimeter út syn fytstas. Dêrmei rûn er driigjend werom nei de kroech.
Utgeanspublyk wist him te kearen mei help fan in fyts en in barkruk. De man is dêrnei oerdroegen oan de plysje. Hy sit fêst foar ferhoar. It mes is yn beslach naam.