Giftige alch yn Waadsee, tydlik fangstferbod skulpdieren

Yn in part fan de Waadsee jildt in tydlik fangstferbod foar skulpdieren. By kontrôles yn see binne der algen fûn dy't gif produsearje. It gif is net yn de skulpdieren oantroffen, mar foar de wissichheid leit de fangst no wol stil. Rekreanten kinne de skulpdieren dy't se op it Waad fine ek it bêste mar lizze litte, seit fiskerman Jaap Vegter. It tydlik fangstferbod jildt ek foar in part fan de Noardsee.