Ysbrand Galama wint yn Bûtenpost nettsjinsteande misgreep

Fierljepper Ysbrand Galama hat sneontejûn yn Bûtenpost de twadde topklassewedstriid fan it seizoen wûn. En dat die er nettsjinsteande in misgreep doe't syn pols stilstie. Galama syn winnende ljep wie 19.69 meter, mar hy hie rom oer de 20 meter komme kinnen as dy misgreep der net west hie. Nard Brandsma waard mei 19.60 meter twadde by de senioaren en Sytse Bokma tredde mei in sprong fan 19.41 meter.
By de junioaren wûn Freark Kramer mei 18.77 meter, folge troch Feike Stellingwerf mei 17.87 meter en Jetse Bokma mei 17.39 meter.
Marrit van der Wal wie mei 14.84 de fierst-ljeppende frou yn Bûtenpost. Marije Reitsma waard twadde mei in ôfstân fan 13.65 meter en Melanie Heins tredde mei 13.34 meter.
By de jonges wie de earste priis yn Bûtenpost foar Wietse Nauta mei 17.50 meter. Hy liet de nûmer twa, Minne Smit, fier achter him. Smit ljepte in ôfstân fan 15.89 meter. Jarich Wijnstra slute de top trije by de jonges mei in ljep fan 15.57 meter.
By de famkes wûn Siegrid Bokma mei 14.28 meter. Bente Vlas waard hjir twadde mei 13.54 meter en Tirza Boschma tredde mei 12.50 meter.