Gemeente ferkeapet omslein syljacht Flyhors

Dit syljacht sloech op 23 april om yn swier waar © Tjerk Dijkstra
It syljachtje Dunlin dat op 23 april omsloech op de Flyhors wurdt no troch de gemeente Flylân te keap oanbean. By it ûngelok kaam de Poalske siler om it libben. Syn famylje hoecht it jacht net werom. Dêrom wurdt it no ferkocht oan de heechste bieder.

Neffens de gemeente is it jacht net mear yn goede steat, mar binne der wol brûkbere ûnderdielen. It jacht kin yn 't foar besjoen wurde op de gemeentewerf. Dêr kin it nei de tiid eventueel ek útelkoar helle wurde.