Undersikers dogge proef mei mais op feangrûn

Undersikers fan de Wageningen Universiteit binne by Aldeboarn mei in proef begûn om mais te ferbouwen op feangrûn sûnder klaailaach. Se sykje nei de bêste metoade om mais te ferbouwen sûnder dat de grûn fersakket. Der wurdt ek sjoen hoe't de kwaliteit fan de boaiem behâlden wurde kin.
De ûndersikers fergelykje ferskillende foarmen om de grûn te bewurkjen en om te siedzjen. Melkfeehâlders en leanbedriuwen út it feangreidegebiet wurkje mei oan de proeven.