Iens wol brechjejild brûke foar antike strjitferljochting

Iens wol antike strjitlampen mei sêft giel ljocht © Google Streetview
Doarpsbelang fan Iens wol de 4000 euro dy't se fan de gemeente Littenseradiel krije soene foar de oanlis fan in fuotgongersbrechje, dochs leaver ynsette foar it ferfangen fan de strjitferljochting. It brechje soe ûnderdiel wurde fan in kuierrûte troch en om it doarp hinne, mar dat giet net troch.
It doarp woe ek graach klassike strjitlantearnen mei sêft giel ljocht hawwe. De kosten dêrfan binne hast 13.000 euro. It doarp hopet it ûntbrekkende bedrach byinoar te krijen út oare subsydzjeboarnen. De gemeenteried wurdt advisearre om akkoart te gean mei de oare ynset fan de subsydzje.