Opskuor yn keatswrâld om klaaikeamer-ynsidint

Yn de keatswrâld is opskuor ûntstien oer in fersmoarge klaaikeamer fan keatsferiening Sjirk de Wal yn Dronryp. Nei ôfrin fan de Eise Eisingapartij ôfrûne wykein trof it bestjoer fan de keatsferiening in fersmoarge klaaikeamer oan. Der soe boppedat guod út de berging stellen of fernield wêze. De feriening hat dit melden by it keatsbûn KNKB.
"Malloten"
Direkteur Geert Faber seit yn in mail oan de haadklassers it teloarstellend te finen dat sy de klaaikeamer sa efterlitten hawwe. It gedrach past neffens him net binnen de kampanje 'zonder respect geen kaatsen'. ''Als dit publiekelijk bekend wordt, staan we met ons vlaggenschip voor schut.''
Fierderop yn de mail hat Faber it sels oer ''malloten.'' Faber yn de mail: ''Dit mogen we Sjirk de Wal en geen enkele andere vereniging aandoen. Ze organiseren daar een geweldige wedstrijd en deze baldadigheid geeft de vrijwilligers van SdW een nare nasmaak.''
Balsturrige jongerein
Dylan Drent, de keatser dy't de klaaikeamer as lêste ferlitten hat, seit dat sy de boel netsjes achterlitten hawwe. Neffens Drent is de doar net op slot draaid en soe it likegoed it wurk wêze kinne fan balstjurrige jongerein út de feesttinte neist it sportterrein.