Gemeente betinkt nij plan foar âlde treinwagon Harns

De gemeente Harns hat alwer in nij plan foar it sanitêrgebou dat yn in âlde treinwagon yn de Willemshaven komme soe. Earst soe it hiele sanitêrgebou yn dy wagon komme. Dat paste net. Dêrnei woe de gemeente in twadde wagon. Dat wie foar de fentilaasje by de dûs net handich. Dus der soe in bygebou komme. Mar no blykt dat dat net binnen it bestimmingsplan past. En dus begjint de gemeente wer by nul.
Nij plan
In nije arsjitekt moat in nij plan meitsje. De gemeente hat de wagon dêr't it sanitêrgebou yn komme soe al kocht en ek al opknappe litten. Ynwenners fan Harns meie no sizze wat der mei dy wagon barre moat. Wethâlder Maria Le Roy wol graach dat er yn de Willemshaven komt te stean.
''In eerste instantie was iedereen enthousiast'', fertelt de wethâlder. ''Daarna moet je kijken of het kan, maar nu blijkt dat het niet gaat lukken. Het plan is afgeschoten, nu moeten we het anders doen.''