"Fan woansdei ôf tocht ik dat it wol goedkomme soe"

In protte Feyenoord fans hawwe ferline wike fol sitten fan de senuwen. Nei in dikke ferliespartij tsjin Excelsior moast it snein thús tsjin Heracles barre. Ruurd Leegstra hat al jierrenlang in seizoenkaart fan de Rotterdamske klup en is dus wol wat wend. "Fan woansdei ôf hie ik in goed gefoel," sa seit de bliere Feyenoordfan. "Ferline wike hie ik dat net, doe tocht ik fan ik wit it net, en moandei en tiisdei baalde ik noch. Mar fan woansdei ôf tocht ik dat it wol goedkomme moast yn de eigen Kuip" En dat die wol bliken, want nei in minút lei de bal der al yn, en ontplofte de Kuip.
Duracellman
As hiene de skriuwers fan in filmskript dermei dwaande west, sa perfekt wie de haadrol foar routinier Dirk Kuijt. "Hy is sa'n bytsje it boechbyld fan de klup." sa seit Leegstra, dy't neat oars as lof hat foar de oanfierder. Dochs geane der geruchten dat dit wolris syn lêste seizoen wêze kin. "Ik tink dat dit de kroan op syn wurk is."
Persoanlik soe Leegstra it skande fine at Kuijt dermei ophâldt, benammen om't in spiler mei syn ûnderfining wichtich wêze kin foar de wedstriden yn de Champions League.
Feest
Nei it lêste fluitsignaal is de Fryske Rotterdammer net fuortendalik weromgien nei syn hotel: "Wy hawwe in moai feestje boud, sa hawwe wy eefkes by de fontein west te sjen, en hawwe wy in bierke dien, en it wie in moai feestje."
Leegstra sil letter moandei nei de huldiging op de Coolsingel, dêr't rjochting de 100 tûzen minsken ferwachte wurde.
Ajax
Yn oanrin nei it kampioenswykein wie der noch hoop by Ajaxfans dat de Rotterdammers de titel ferspylje soene. Eddy Sprietsma is Ajaxfan en hy wie snein yn Tilburg. Ek by him wie der noch wol wat hoop: "Nei Excelsior dan witst it mar noait. Heracles hie ek noch in puntsje nedich dus it hie samar kinnen, mar nei ien minút wie de spanning al fuort." Dochs hoege Ajaxfans net al te teloarsteld te wêzen want de Amsterdammers hawwe noch kâns om de Europa League te winnen. "Wy steane yn de Europa League finale, wy gean gewoan nei Stockholm dat is dochs it moaiste wat der is." Sprietsma is der sels nei alle gedachten net by yn Sweden, mar dat is neffens him net in al te grut probleem: "Wy gean gewoan nei Amsterdam mei 100.000 minsken, en dan meitsje wy der dêr in feest fan."