Smellingerlân komt mei spesjaal fanfarestik yn KH2018-jier

De gemeente Smellingerlân hat, yn gearwurking mei de Stichting Frysk Fanfare Festival, opdracht jûn ta it meitsjen fan in spesjale fanfarekomposysje foar de tredde difyzje foar takom jier as it Kulturele Haadstêd is. Dat waard sneon bekend makke op it iepen NK fanfare yn De Lawei yn Drachten troch wethâlder fan kultuer Marja Krans. De komponist Harrie Janssen hat de opdracht krige.
Op de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) kamen sneon de tredde en de twadde difyzjes yn aksje. Sneontejûn is de earste difyzje oan bar. Dêryn stean sân orkesten út hiel Nederlân op it poadium.
Mei-inoar trijentweintich fanfare-orkesten út hiel Nederlân dogge mei oan it iepen Nederlânsk fanfarekampioenskip. Sy binne ferdield oer fiif difyzjes. Alles is te sjen fia de live-stream.