Plysje ûntslacht meiwurker fanwege plichtsfersom

© ANP
De plysje Noard-Nederlân hat ien fan syn meiwurkers ûntslein fanwege plichtsfersom. It ûntslach folget op in ûndersyk nei it gedrach fan de meiwurker yn hoarekagelegenheden. Neffens de plysje fertoande de meiwurker dêr gedrach dat net paste by it amt fan plysjemeiwurker.
Wêr de meiwurker yn tsjinst wie en om wat foar hoarekagelegenheden it gie, wol de plysje net sizze.