Tytsjerksteradiel organisearret dei oer biofergister Burgum

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel organisearret in spesjale dei om te praten oer duorsumensplannen fan enerzjybedriuw Engie by Burgum. It giet dan foaral om de komst fan de biofergister. Dy spesjale dei sil nei alle gedachten wêze op woansdei 14 juny. Der wurdt dan in besite brocht oan in fergelykbere fergister yn it lân en ek sil sjoen wurde op it terrein fan Engie by Burgum.
Jûns is der dan noch in harksit en in byienkomst foar eksperts. Op basis fan de ynformaasje fan de dei sil it kolleezje fan Tytsjerksteradiel in advys formulearje en foarlizze oan de ried.