Geert van Tuinen betinkt syn "vrrriend" Siepie Lijzenga

"Hy fertsjinnet ivige rom. We meie him noait ferjitte." Dat seit sportferslachjouwer Geert van Tuinen oer de âld-materiaalman fan Cambuur, Siepie Lijzenga. Lijzenga is op 72-jierrige leeftyd hommels ferstoarn. Geert van Tuinen tinkt mei waarme gefoelens werom oan de man dy't bekend stiet as klupikoan.

Foar it earst by Cambuur

"It sil yn de begjinjierren '90 west ha, dat ik foar it earst by Cambuur kaam om dêr as ferslachjouwer oan it wurk te gean. Dat die ik yn dy tiid benammen mei kollega Sjouke Lousma. Dy wie de fêste Cambuur-watcher.
No, Sjouke Lousma, dat wie in ikoan by de Omrop, en dy hie fansels in goede bân mei Siepie Lijzenga. Dat koe ek net oars. De earste dy’t je tsjinkamen yn it Cambuurstadion, dat wie Siepie Lijzenga.

It hok dêr't de shirtsjes hongen

Hy stie faak foar de doar fan syn waskhok. It hokje dêr't de waskmasines stiene, dêr't de shirtsjes hongen, dêr stie Siepie Lijzenga. En as hy dan bekenden seach, dan klonk it troch de gong: “Vrrriend!” Op sa'n aparte manier koe er dat sizze, mei syn aparte stimlûd.
Hy rôp dat ek tsjin Sjouke. Net fuortendaliks tsjin my, want ik moast my fansels earst wol even bewize. Mar doe’t dat gebeurd wie, doe wie it klear. Doe wie ik ek ‘vrrriend’ fan Siepie Lijzenga. En dat wie dochs wol wat, want hy wie De Cambuurman.

Humor

Doe’t Sjouke Lousma ophold mei it ferslach dwaan by Cambuur, doe naam ik dat fan him oer. En Siepie Lijzenga hie in fantastysk gefoel foar humor.
Want konsekwint as ik him tsjinkaam yn de katakomben fan it Cambuurstadion, dan sei er: ‘Ha goeie, Sjouke!’ En dan lake er even skalk, en dan wist er dat er my wer te pakken hie.

Ofskied

Yn 2015 naam er ôfskied fan it publyk. Hy woe noait yn de publisiteit komme. In ynterview mei Siepie Lijzenga, dat koest eins wol ferjitte.
Hy naam op in emosjonele manier ôfskied fan it Cambuurpublyk, op dy maaiedei yn 2015. It wurk dat er dwaan moast, dat foel him te swier. Hy moast der mei ophâlde. No, dat hat er dien.

Alde manneklup

Dêrnei kaam er ek noch geregeld by Cambuur. Fansels noch by dy âlde manneklup, dy’t ûnder de súdtribune altyd sit te kofjedrinken. Mar hy kaam ek noch by wedstriden, mei syn freon Freek Douma fan Broekster Boys.
Ik kaam him noch wolris tsjin by it amateurfuotbaljen. Dat wie altyd noflik. En it begûn altyd mei dy karakteristike kreet: “Vrrriend!”
En as Siepie net by it amateurfuotbaljen of by Cambuur wie, dat siet er op Skylge, Syn Skylge. Dêr wêr’t er him ôfgryslik thús fielde.

Klupikoan

Der is no, wrang en hurd, in ein kaam oan it leven fan in klupikoan. Siepie Lijzenga is 72 jier wurden. Hy is te betiid ferstoarn.
Mar we sille him noait, noait, noait ferjitte. Want sa’n ikoan, dy ferjitte je net. Sa’n man fertsjinnet ivige rom. Hy sil it by Cambuur krije, hy krijt ek it yn myn hert.
Siepie Lijzenga. Rêst sêft. Vrrriend."