Sealfoutbalfroulju Drachtster Boys winne fan Nieuw Roden

De fuotbalfroulju fan Drachtster Boys © DitisRoden.nl
De sealfoutbalfroulju fan de Drachtster Boys ha freedtejûn de earste heale-finalewedstryd om it lânskampioenskip wûn mei 3-1 fan Nieuw Roden. By rêst stiene se mei 2-0 foar. Kommende freed is de twadde heale finalewedstryd, as de Drachtster Boys dy ek winne, steane se yn de finale.