LTO Noord: "Genôch kânsen foar lânbou yn Noard-Nederlân"

© Omrop Fryslân
De lânbou yn Noard-Nederlân biedt genôch kânsen foar de takomst. Dat seit LTO Noord yn in rapport oer de agraryske sektor. Ek al binne der minder boeren, de wurkgelegenheid yn de sektor is noch hieltyd fan grut belang foar de noardlike ekonomy, stelt LTO Noord. Ien op de seis noarderlingen wurket yn de agraryske sektor of yn in sektor dy't dêr nau oan ferbûn is.
Mei-elkoar giet it om hûnderttûzen minsken dy't hjir wurk yn hawwe. LTO Noord skriuwt yn it rapport ek dat hieltyd mear boeren oan agrarysk natuerbehear dogge.