Swimbad krekt iepen, en nei fjouwer dagen ek wer ticht

© Swimbad De Dobbe
Swimbad De Dobbe yn Noardwâlde is ticht fanwege in technysk mankemint. It swimbad wie ôfrûne snein krekt iepengien, mar it is no fan tongersdei ôf oant moandei 15 maaie wer ticht.
Der is wat stikkengien yn de liedingen en de reparaasje dêrfan nimt tiid. Minsken mei in abonnemint kinne no teplak yn swimbad De Steense yn Wolvegea. Wa't him oanmeld hie foar swimles, kriget persoanlik te hearren hoe't it dêrmei komt.