Sinnepont Harns siket froulike skippers

De Harnzer sinnepont hat ferlet fan froulike skippers. De oprop foar skippers hat oant no ta al aardich oanmeldings opsmiten, mar de froulju bliuwe wat achter. De stichting hat sawat fjirtich minsken nedich om de sinnepont takom jier yn de feart bringe te kinnen.
De kommende moannen krije de minsken in oplieding en dan binne der yn augustus en septimber proeffearten. De pont sil takom maitiid offisjeel begjinne en fart dan hinne en wer tusken de Sassteiger en de Suderpier.