Fryske lânbou moat net fierder op slot set wurde
De Fryske lânbou moat net fierder op slot set wurde, oars sille de ynkomens fan boeren hjir noait gelyk wurde oan dy yn Grinslân en Drinte. Dat seit bouboer Teun de Jong fan de Aldebiltdyk.
Ut ûndersyk fan de Universiteit Wageningen docht bliken dat Fryske boeren minder fertsjinje as boeren yn de oare noardlike provinsjes. Neffens De Jong hat dat diels te krijen mei de produkten dy't boeren yn Grinslân en Drinte bouwe, dêr hat de yndustry mear ferlet fan. Dêrneist hawwe boeren dêr gruttere bedriuwen. Om dy hjir ek te krijen, soene boerebedriuwen net op slot set wurde moatte troch provinsjale of gemeentlike regels, sa fynt De Jong.