Earste greidefûgelpiken yn beskerme Sweagermieden

Pykje yn de Sweagermieden © Steatsboskbehear, boskwachter Gjerryt Hoekstra
Yn de Sweagermieden by Westergeast binne de earste piken fan greidefûgels út de aaien kaam. It wiete gebiet is yn trek by greidefûgels. In soad piken waarden yn eardere jierren net grut, omdat se opfretten waarden troch rôfdieren.
As proef is no in grut stik fan it gebiet ôfset mei stroomtried, sadat bygelyks foksen der net komme kinne. De proef liket te slagjen, no't de earste ljippepiken út it aai kommen binne. Der sitte behalve ljippen ek skriezen, tsjirken en strânljippen te brieden.