Automatyske fjoerwapens fûn by drugsynfallen yn Ljouwert

De plysje hat automatyske fjoerwapens oantroffen by in grut ûndersyk nei kokaïnekriminaliteit yn de stêd Ljouwert. Tachtich plysjeminsken hawwe ynfallen dien yn sân wenningen yn de Frijheidswyk, en in bedriuwsgebou op de Himrik. Acht minsken binne oanholden.
De plysjes wurde holpen troch minsken fan definsje dy't spesjalisearre binne yn it sykjen yn ferburgen romtes. Se brûke dêr ûnder oare in grûnradar by. Plysjes sykje ûnder oare nei jild en administraasje. Se hawwe in partij drugs yn beslach naam, tolve auto's en doazenfol fjoerwurk.
In man (30) en in frou (27) soene de lieding hân hawwe oer de drugskriminelen. Yn totaal binne der om ende by 200 minsken by belutsen. Dat binne benammen drugsklanten, meldt de plysje.
Meldingen fan oerlêst soargen derfoar dat plysjes mei it ûndersyk úteinset binne. De acht oanhâlden minsken binne allegearre yn de âldens fan 25 oant 33 jier. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings dien wurde.