Friezen rinne mei by klimaatmars yn Amsterdam

In groep fan tritich Friezen rint sneon mei by de People's Climate March yn Amsterdam. Mei spandoeken, Fryske sjaals en flaggen litte de Freonen fan Fossylfrij Fryslân sjen dat se in klimaataksje easkje fan it oankommende kabinet. Se fine dat der folle mear omtinken komme moat foar bygelyks grien gas en duorsume huzebou.
De organisaasje Freonen fan Fossylfrij Fryslân is ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd 2018.