Kollum: ''Rimmer''

''Dizze kollum sitte hiele eksplisite ûnderdielen fan it minslik lichem yn. Mochten jo dêr net oer kinne, doch dan no de radio mar even út. Oer trije minuten kin er wer oan, mar no sil ik it oer Fryske nammen ha.
Der wie in tiid dat Fryske foarnammen tige populêr wienen yn Hollân. Je hearden der as hippe en tige trendbewuste Randstedelijke jonge âlders eins net by sûnder in poppe mei in namme út de provinsje ‘waar je zo leuk kunt zeilen en zo.’ Dêrmei hâldt de dêr oanwêzige kennis fan ús stikje grûn ek wol sawat op, want as der gjin natueriis leit is Fryslân trije kear safier fuort foar in Hollanner as dat Hollân foar ús is. Se witte net dat wy hjir lekker gjin files ha, dat we hjir noch skjinne lucht ynademje kinne as de boeren net al te bot jarre ha, dat der bûten Amsterdam ek teaters binne en dat der bûten de rânestêd ek minsken hiel goed troch de tiid komme. Dat moat ek moai sa bliuwe, want as se yn de gaten krije hoe moai it hjir wennet, feroaret de rânestêd yn no time yn in krimpregio. Sa opportún is de wrâld dêr no ienkear.
Ferline wike moast ik twa dagen achter elkoar oan de ein fan de middei troch de drokte fan it komplete ferkearsynfarkt dat dêr alle dagen troch de bewenners feroarsake en ûndergien wurdt. Je sjogge it oankommen, de boerden boppe de asfaltbanen jouwe 70 oan, dan 50 en dêrnei is it ho. Dan grypt fileridend Nederlân massaal nei de mobile telefoan en appt him- en harsels troch de tiid.
Ik hie de radio achter Utert op Veronica setten en foel yn in nijsgjirrige diskusje. No fyn ik al in skoftsje dat de stjoerders yn Nederlân wol hiel bot op de rânestêd rjochte binne. As der ien as oare eksoatyske plaknamme fan bûten dat gebiet neamd wurde moat yn de fileberjochten of de ferklikte snelheidskontrôles, sjitte de hearen en dames presintatorkes al gau yn de sloppe kommentaren. Foaral Fryske nammen binne dan faak de boarne fan spot. Gewoan omdat wy wol achte wurde om te witten wêr’t Houten en Vianen lizze, mar as der in file stiet by Kornwerderzand, moatte de harkers wol even fiele dat dat in folslein idioate plaknamme is yn in útbuorren dêr’t je sa gau mooglik wer wei wolle, op wei nei de hillige file. Alles better as ‘er staat een flitser bij Sint Nicolaasga. Ik wist niet dat se daar een weg hadden,’ datsoarte opmerkings.
Mar se hienen it oer de namme fan in reagearder op harren radioshow. Dy persoan hjitte Rimmer. Krekt as de eks haadredakteur fan de LC, Rimmer Mulder. De Fryske foarnamme Rimmer betsjut roem en is in fariant op Riemer.
No, by radio Veronica leinen se kollektyf ûnder de tafel fan it laitsjen doe’t se de namme Rimmer útsprekke moasten. Hokker minske jout syn bloedeigen bern de namme Rimmer? Dan moatte je wol gestoard wêze, dêr kaam it op del. Rimmer hat njonken roem noch in pear betsjuttings. It is in term út de golfsport, in putt dy’t hast rekke is, mar dêr’t de bal net yn de hole falt. Mar dêr laken se net sa om by radio Veronica, want yn it slang fokabulêr fan de hearen en dame dêr betsjut in Rimmer hiel wat oars. No wurdt it even eksplisyt, minsken. Rimmen betsjut ek it mei de tonge stimulearjen fan de anus. Mochten jim dêr aardichheid oan ha, witte jim no dat je dan in rimmer binne. It ferskynsel bestiet al hiel lang, der is ek in Latynske namme foar, Anilingus. Neat nijs ûnder de sinne dus. En dat hat neat mei de Fryske foarnamme te krijen, mar is ôflaad fan it Ingelske wurd rim, dat râne betsjut. Mei oare wurden, ús Fryske Rimmer wurdt no slachtoffer fan de safolste Ingelske taalferkrêfting, om mar ris in passende byldspraak te brûken.''
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.