'Te populêr' Frysk dweilorkest fuortstjoerd út Grins

De Menaemer feintsjes yn Ljouwert © Tom van Mourik
In optreden yn Grins fan it Fryske dweilorkest De Menaemer Feintsjes is wat oars ôfrûn as de bedoeling wie. Se waarden fuortstjoerd fan de Grote Markt, omdat der tefolle publyk op ôf kaam. De Feinstjes hiene gjin fergunning foar it optreden op Keningsdei. Se binne nei Ljouwert ta gong. Dêr ha se, neffens boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel, in spetterjende show jûn.