Theater Sneek berikt hast 300.000 besikers

It theater Sneek yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Theater Sneek ferwachtet de kommende moanne de 300.000ste besiker. Neffens it teäter jout de teller oan dat dit barre sil by in foarstelling fan Guido Weijers op tongersdei 18 maaie. Hy of sy krijt tritich frijkaarten foar it nije seizoen. It teäter fan Snits waard op 1 novimber 2012 iepene, troch keninginne Beatrix. Yn maaie fan 2014 hjitte it teäter de 100.000ste besiker wolkom.
Ferline jier jannewaris kaam de 200.000ste besiker oer de drompel. Mei dizze besikersoantallen is it teäter yn Snits it tredde teäter fan Fryslân. Allinne De Lawei yn Drachten en De Harmonie yn Ljouwert helje mear besikers binnen.