Fearboaten Doeksen krije tegeltablo's mei bernetekeningen

Ien de boaten fan Doeksen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De nije fearboaten fan rederij Doeksen krije tegeltablo's mei tekeningen fan de bern fan de boppebou fan de basisskoallen op Flylân en Skylge. De tekeningen moatte gean oer it eilân en it Waad. De tegeltsjes wurde levere troch in Harnzer ierdewurk- en tegelfabryk. Dêr wurde de tegels mei de tekeningen bakt en gearfoege ta de tablo's dy't yn de nije skippen in plak krije.
Doeksen wol mei dit projekt de bân tusken de eilanners en de nije skippen sjen litte.