CBR hat it drok mei taksy- en frachtweinrydbewizen

It is smoardrok by it CBR, it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen. Der hawwe dit jier al hast 160.000 minsken ôfriden. Dat is likernôch 11.000 mear as ferline jier yn dit skoft. It is foar it CBR in teken dat de ekonomy echt oanlûkt, want der is benammen in soad fraach nei taksy- en frachtweinrydbewizen.
Om foar te kommen dat de wachttiden tefolle oprinne, wurde der in soad nije eksaminatoaren oplaat. Mar ek mei it oanlûken fan nije minsken, moatte kandidaten yn guon plakken langer wachtsje foardat se ôfride kinne.