''Ik jou gas en sjoch net efterom"

Keningsdei, op dy dei stiet der yn Blauhús mar ien fraach sintraal: Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol, wa wint de autocrossrace de Kings Battle. Speedway Blauhús stiet tongersdei 27 april wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre races en Omrop Fryslân is dêr live. Yn de oanrin nei dat barren komme wy alle dagen mei in portret fan in racer.
Emiel Stoffers fan De Hûnekop hâldt de eare heech foar Omrop Fryslân. Hy racet op 27 april yn in auto mei in Omrop-caravan derefter.
Hoe riedsto dy ta op de Caravanrace?
"In wiis man, Oele Plop, sei ea tsjin my: opskeakelje nei de twa, gas hielendal yntraapje en net wer los litte. Fierder ried ik my der net op ta. Ik sjoch wol hoe’t it komt."
Hoe sit it mei dyn race-kwaliteiten?
"Ik haw in pear auto's op de iepenbiere dyk ôfstreke, in kear twa omgongen meidien op 'e frije cross yn Blije en ik haw in kear meidien oan 'e Ford Ka Rodeo yn Drachten. It is in machtich moaie sport, mar ik bin meastal te drok mei it meitsjen fan muzyk."
Wat is dyn technyk om dyn caravan hiel te hâlden?
"Ik jou gas en sjoch net efterom."
Bisto net bang om ferwûne te reitsjen?
"Neffes my is in helm ferplichte en ik gean der eins fan út dat al it guod dat foar myn feilichheid soargje moat, foar my regele wurdt troch de Omrop. Ik sis foar de race in koart gebed en smeekje ús Leave Hear God oft er my sparje wol en dat ik spyt ha fan al myn sûnden."
Do hâldst de eare heech fan it Omrop Fryslân-team. Hoe skatsto dyn kânsen yn?
"Somber.."
Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing. De Kings Battle races binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen.