Nije cao transportsektor: 10 prosint lean derby

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Frachtweinsjauffeurs krije der de kommende trije jier yn stappen mei-inoar 10 prosint oan salaris by. De leanen gean llikernôch trije prosint per jier omheech, sa hawwe fakbûnen en wurkjouwers mei-inoar ôfpraat.
Egon Groen fan de FNV is tefreden mei it resultaat fan de ûnderhannelings. "De vorige cao is middenin de crisis tot stand gekomen. Daarin was een jaarlijkse loonsverhoging van zo'n 1,6 procent geregeld. Dat is nu ongeveer het dubbele. Je ziet in deze loonsverhoging wel het economisch herstel terug."
Wurkjouwersorganisaasje woe de leanen wol ferheegje, mar dan minder betelje foar oeroeren. Dêr wiene de fakbûnen poer op tsjin. De ferleging fan de fergoeding foar oeroeren is no ek fan tafel. Fierders hawwe de fakbûnen bettere ôfspraken makke oer nachtwurk.